Trije Fryske ûndernimmers binne noch gadingmakker foar de Jonge Ondernemersprijs van het Noorden. It giet om Bas Hollenberg fan De Walrus - mei kafees yn Snits en Ljouwert, Chantal Hoever-Prins fan Lobstar út Snits dat klean foar froulju makket dy't in boarst misse moatte en Peduzzi Interieur en Design fan Jolanda Duijnker út De Gordyk.

Ek út Drinthe en Grins dogge noch elk 3 ûndernimmers mei. Op 22 novimber wurdt de winner yn Grins bekind makke.